ONS pakt winst yn slotminút

02 nov 2013 - 16:56
  • Sandor van der Heide
  • Curty Gonzales yn aksje tsjin HHC
  • Jurjen Bosch yn aksje foar ONS
  • Martijn Roosenburg

ONS Boso Snits hat sneon yn de slotminút mei 2-1 wûn fan HHC. Op it Sudersportpark fersomme Sandor van der Heide nei goed 20 minuten om ONS op 1-0 te setten. Op slach fan rêst wie it wol raak foar de gasten út Hardenberg, dy't in strafskop fersulveren. De penalty waard jûn nei in oertreding fan Jurjen Bosch yn de 16 meter.

Nei rêst soarge rûtinier Van der Heide yn de 61e minút foar de lykmakker. Yn in lykopgeande striid krige Harvey de Boer it Snitser publyk yn de lêste minút op 'e banken doe't er de winnende treffer op it boerd sette.

It is de fyfde oerwinning foar de ploech fan trainer Bert Hollander, dy't 15 punten út 10 wedstriden sammele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)