ONS pakt wichtige oerwinning

05 apr 2014 - 16:55
  • Sandor van der Heide

ONS Boso Snits pakte sneon trije wichtige punten troch thús mei 2-1 te winnen fan Excelsior '31. De Snitsers setten sterk útein op it Sudersportpark. Martijn Roosenburg wie mei in frije traap ticht by de iepeningstreffer, mar syn skot einige op de latte. Oan de oare kant wie it wol rekke, want nei in healoere kamen de gasten út Rijssen op foarsprong.

Chris de Wagt soarge op slach fan rêst mei in frije traap foar de lykmakker. Rûtinier Sandor van der Heide sette de Snitsers 10 minuten foar de ein op 2-1 en pakte dêrmei de 3 punten.

De ploech fan trainer Bert Hollander komt troch de winst op 38 punten út 26 wedstriden en is dêrmei sa goed as wis fan liifsbehâld yn de sneonstopklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)