ONS pakt swierbefochten oerwinning yn slotsekonden

05 mrt 2016 - 16:29

ONS Boso Snits hat sneon wichtige punten pakt troch mei 3-2 te winnen fan DVS '33. Yn Ermelo sette Curty Gonzales de Snitsers nei in kiertier op foarsprong. Yn de 30e minút kaam de thúsploech op likense hichte. Keeper Richard Strijker hold ONS yn de wedstriid doe't er foar rêst in strafskop kearde.

Nei rêst moast DVS '33 mei 10 man fierder nei in reade kaart. Danny Kampstra profitearre mei de 2-1, mar net lang dêrnei foel op 'e nij de lykmakker. Yn de slotsekonden brocht Yumé Ramos ONS de swierbefochten winst.

Troch de oerwinning komt de ploech fan trainer Richard Karrenbelt op 21 punten út 22 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)