ONS nei heale finale beker

30 mrt 2014 - 11:22
  • O.N.S. BOSO Snits

ONS BOSO Snits giet nei de heale finale fan de distriktsbeker. Topklasser ONS Snits hie nei in muoisume earste helte yn de twadde 45 minuten gjin muoite om sneinsearsteklasser Erica mei 3-0 te ferslaan. Yn de 68ste minút skoarde ONS twa kear troch goals fan Jurjen Bosch en Curty Gonzales. Beide kearen út in foarset fan ynfaller Rolf Dijk. Ale de Boer sette yn de 90ste minút mei in kopbol de einstân op 3-0.

ONS spilet yn de heale finale thús tsjin MSC, dat Drachster Boys mei 2-1 de baas bleaun yn de kwartfinale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)