ONS hellet Veendam spiler

23 maaie 2008 - 11:12

ONS Snits hat in spiler oanlutsen fan betelle fuotbalklub BV Veendam. William Beukema fan De Like spilet by earste divyzjeklub Veendam yn de seleksje fan de A-junioaren. Beukema is 19 jier en kin yn de ferdediging oan de linker en oan de rjochterkant út de fuotten. Ek Kees Hofman komt nei ONS. Hy komt oer fan stêdsgenoat LSC.

ONS hoopt dizze wike de seleksje rûn te hawwen. Earder waarden Haarman, Knevelman, De Jong en Krol oanlutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)