ONS heale bekerfinalist

27 mrt 2012 - 23:11

ONS is de iennichste Fryske klup dy't de heale finale fan de noardlike beker helle hat en sadwaande takom seizoen ek meidwaan mei oan it grutte toernoai om de KNVB beker. De Snitsers wûnen yn Haren mei 4-0 fan it twadde team fan Be Quick 1887. Sneins twadde klasser ONB ferlear mei 5-1 yn en fan Staphorst. Sneonshaadklasser Drachtster Boys gong yn eigen hûs mei 1-0 ûnderút tsjin Hoogeveen. Dêrmei krige de Drintske sneinshaadklasser tefolle en dat kaam hurd oan by de Drachtsters.

ONS spilet yn de heale finale in útwedstriid tsjin Genemuiden.

Genemuiden wûn mei 4-1 by Alcides.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)