ONS fierder yn beker, FVC net

27 aug 2014 - 23:25
  • Trainer Bert Hollander

ONS Boso Snits mei it yn de twadde ronde fan de KNVB beker opnimme tsjin earedivisionist FC Dordrecht. De Snitsers hellen woansdeitejûn in swier befochten 2-1 oerwinning yn Meppel op MSC. MSC kaam yn de 8e minút op foarsprong. Jurjen Bosch soarge yn it begjin fan de twadde helte foar de 1-1. Chris de Wagt seach yn de 84e minút syn strafskop keard, mar út de hoekskop dêrnei kopte Age Wim van der Zee de winnende tsjin de touwen.

FVC ferlear op eigen fjild mei 2-1 fan Sportlust '46 út Woerden. Robin Hollander makke yn de 90e minút de FVC goal.

Foar trainer Bert Hollander wie der sadwaande winst en ferlies. Hollander is trainer by ONS en FVC. Sels makke er de winst fan ONS mei yn Meppel. Dy winst wie ôfgeande op de twadde helte fertsjinne, mar moast foar de helsdoarren weihelle wurde. MSC krige yn de 89e minút de kâns fan alve meter om der in ferlinging út te slepen. De penalty waard lykwols troch Camiel Fidom fan MSC op de peal sketten. Yn de ekstra tiid krige MSC noch in grutte kâns, mar krekt as yn it ôfrûne seizoen wûn ONS Boso Snits mei 2-1 fan de ploech út Meppel. Dy oare winst wie de striid yn de heale finale fan de noardlike beker. Dy priis pakte ONS nei de winst yn de finale tsjin Urk.

FVC wie de mindere tsjin de sneons earste klasser út Woerden. Sportlust '46 kaam yn de 25e minút op foarsprong. It waard nei in oere spyljen 2-0 foar Sportlust. Sneins haadklasser FVC die krekt foar de ein troch Robin Hollander noch wat werom.

ONS Boso Snits spilet op tiisdei 23 septimber op it Sudersportpark yn de twadde ronde tsjin FC Dordrecht. Dyselde jûn spilet Sportklup Hearrenfean yn Kerkrade tsjin Roda JC. SC Cambuur nimt it in dei letter yn in útwedstriid op tsjin FC Den Bosch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)