ONS ferspilet winst yn Wierden

22 sep 2012 - 16:39

ONS Boso Snits hat sneon mei 1-1 lykspile tsjin SVZW. Yn de iepeningsfaze krige de thúsploech út Wierden de bêste kânsen. Tsjin de ferhâldings yn wie it ferdigener Chris de Wagt dy't de skoare mei in knappe kopbal iepene. Fuort dêrnei koe Curty Gonzales de wedstriid yn it slot smite, mar syn skot misleare.

Nei it skoft krige SVZW fan 11 meter de útlêzen kâns op de lykmakker, mar keeper Ivan Landlust hold de Snitsers op foarsprong. Mei noch 5 minuten op 'e klok wie it SVZW dy't mei in knappe treffer foar de einstân tekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)