ONS ferspilet punt yn einfaze

06 okt 2012 - 16:43

ONS Boso Snits hat sneon yn in roerige slotfaze mei 3-2 ferlern fan VVOG. Yn Hurderwyk sette Jacob Noordmans de Snitsers mei in ôfstânskot op foarsprong. Mark de Vries tocht dêrnei foar de 2e treffer te tekenjen, mar it doelpunt waard ôfkard wegens bûtenspul.

Yn de twadde helte in herkânsing foar De Vries, dy't de Snitsers op 2-0 sette. Yn de slotfaze gong it lykwols hielendal mis foar ONS. VVOG kaam mei noch 5 minuten te spyljen op 2-2. Yn blessueretiid waard it noch soerder foar de Snitsers, doe't de thúsploech de winnende treffer makke.

Troch it lykspul moatte de Snitsers de kopposysje yn de haadklasse C no diele mei fiif oare teams. De topper tusken de direkte konkurrinten Sparta Nijkerk en Staphorst waard net spile fanwege it minne fjild yn Staphorst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)