ONS ferspilet perioadetitel

27 okt 2012 - 16:33

ONS Boso Snits hat sneon teloarstellend 1-1 lykspile tsjin ACV. Yn Assen kamen de Snitsers nei in goed healoere spyljen op foarsprong. Yn de 31e minút belâne in foarset fan Patrick Goedhart yn de 16 meter op de earm fan Koos Werkman. De skiedsrjochter lei de bal op 'e stip. De penalty waard fersulvere troch Sandor van der Heide. Dyselde Werkman soarge 5 minuten dêrnei koppend foar de lykmakker. Nei it skoft hienen de Snitsers it dreech om troch de ferdigening fan ACV te brekken. De grutste kânsen wienen foar de Assenaren, mar it bleau 1-1.

Troch it lykspul ferspilet ONS it perioadekampioenskip yn de haadklasse C, dat no op doelsaldo nei SVZW giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)