ONS ferspilet djoere punten yn Lisse

02 maaie 2015 - 16:45
  • ONS Snits

ONS ferspile sneon djoere punten troch it 3-0 ferlies by FC Lisse. Yn Lisse kamen de Snitsers al nei 5 minuten op efterstân. Binnen it kertier hie de thúsploech de foarsprong útwreide nei 2-0. Goede rêdings fan de Snitser keeper Ivan Landlust foarkamen de 3-0 foar rêst. Nei it skoft wie it raak foar FC Lisse en smiet de thúsploech de wedstriid definityf yn it slot.

ONS bliuwt troch it ferlies op 31 punten. Nije wike stiet de lêste wedstriid op it programma thús tsjin degradant Genemuiden.

ONS stiet noch altyd op it promoasje-degradaasjeplak. Dat betsjut dat de Snitsers it nei alle gedachten opnimme moatte tsjin de klasseperioadekampioenen út de haadklassen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)