ONS ferliest yn ekstra tiid fan Hoek

13 des 2014 - 16:33

ONS Boso Snits rûn sneon tsjin in soar 2-1 ferlies oan by Hoek. Op Sportpark Denoek yn Seelân hie de rein it fjild hast ûnbespylber makke. Dêrtroch moast it publyk lang wachtsje op de iepeningstreffer. Dy foel yn de 57e minút op namme fan Hoek.

Yn de jacht op de lykmakker wie it Curty Gonzales dy't in kertier foar de ein foar de 1-1 tekene. Fuort dêrnei foarkaam de latte boppe keeper Ivan Landlust de 2-1 foar Hoek. Yn ekstra tiid wie it al raak foar de thúsploech en moast de ploech fan trainer Bert Hollander puntleas werom nei Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)