ONS ferliest op eigen fjild fan FC Lisse

05 des 2015 - 17:04
  • O.N.S. BOSO Snits

De fuotballers fan ONS hawwe sneon mei 2-0 ferlern fan de nûmer 15 FC Lisse. Op eigen fjild kamen de Snitsers nei 23 minuten op efterstân. De ploech fan trainer Richard Karrenbelt hie it dreech mei de tsjinstanner en de hurde wyn. Yn de twadde helte tekenen de gasten út Lisse foar de einstân troch in penalty te fersulverjen, nei hands fan Jacob Noordmans.

It is sânde ferlies foar de Snitsers. Troch it ferlies bliuwt ONS stean op 15 punten út 14 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)