ONS ferliest by GVVV yn Veenendaal

19 des 2015 - 16:58

ONS Boso Snits ferlear sneon mei 4-1 fan GVVV. Yn Veenendaal kaam de ploech fan trainer Richard Karrenbelt al betiid op foarsprong troch in treffer fan Renco van Eeken. Ut in net terjochte strafskop kaam GVVV op 1-1. Yn de 30e minút moast ONS fierder mei 10 man nei twa kear giel foar Roelof Strikwerda. GVVV fersulvere boppedat in twadde penalty. Foar rêst waard it ek noch 3-1 troch in flater fan keeper ONS keeper Richard Strijker.

Nei rêst besochten de Snitsers de oanslutingstreffer te meitsjen, mar wie it GVVV dat foar de einstân tekene.

Troch it ferlies bliuwe de Snitsers stean op 15 punten út 16 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)