ONS ferliest fan Urk

06 nov 2005 - 13:04

ONS, koprinner yn de haadklasse C, spile sneon yn en tsjin Urk. De Snitsers ferlearen mei 4-1 fan de nûmer 13 op de ranglist. It is it earste ferlies foar ONS yn de kompetysje. By it skoft wie it al 3-0 foar de Urkers.

Hikkesluter Drachtster Boys spile yn Wierden tsjin SVZW. De Drachtsters spilen lyk. It waard 2-2. Harkemase Boys ferlear thús mei 0-1 fan Flevo Boys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)