ONS ferliest fan Rijnsburgse Boys

07 mrt 2015 - 17:12
  • ONS Snits

ONS Boso Snits ferlear sneon mei 2-0 fan Rijnsburgse Boys. Yn Rijnsburg kamen de Snitsers yn de 21e minút op efterstân. Krekt foar it skoft wie it op 'e nij de thúsploech dy't in treffer makke en mei in 2-0 foarsprong de klaaihokken opsocht.

Nei rêst wie Martijn Roosenburg ticht by de oanslutingstreffer, mar syn skot waard keard troch de peal. Op basis fan de twadde helte hienen de Snitsers wol in puntsje fertsjinne, mar de ploech fan trainer Bert Hollander slagge der net yn te skoaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)