ONS ferliest fan PKC '83

21 feb 2009 - 16:53

ONS hat sneon yn Grins mei 2-1 ferlern fan PKC '83. Yn in net al te bêste wedstriid kamen de Snitsers yn de tsiende minút op in 1-0 efterstân. Ton Haarman soargde foar it skoft foar de 1-1.

Tsien minuten foar de ein fan de wedstriid makken de Grinzers de winnende treffer. It doelpunt fan Ton Haarman wie syn 146e foar ONS. Hy kaam hjirmei op likense hichte as kluptopskoarer Wieger Sinnema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)