ONS ferliest fan nûmer lêst SteDoCo

16 jan 2016 - 16:53

ONS Boso Snits is de twadde helte fan de kompetysje op eigen fjild begûn mei in soer 2-0 ferlies tsjin de nûmer lêst SteDoCo. Beide ploegen begongen sneontemiddei rommelich oan de wedstriid yn de ûnderste regioanen fan de sneonstopklasse. Pas yn de twadde helte iepenen de gasten út Hoornaar de skoare yn de 62e minút. Trije minuten letter makke SteDoCo ek de twadde treffer en smiet dêrmei de wedstriid yn it slot.

Troch it ferlies bliuwt ONS stean op 15 punten út 17 wedstriden. SteDoCo stiet ûnderoan mei 13 punten, mar rint yn op de Snitsers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)