ONS ferliest fan FC Dordrecht

23 sep 2014 - 22:53
  • Jacob Noordmans
  • Rolf Dijk

Twa jier lyn stunte ONS Boso Snits yn it KNVB bekertoernoai troch fan de profs fan Excelsior te winnen. Tsjin FC Dordrecht slagge dat tiisdeitejûn net. In betide goal fan Mart Lieder en in strafskop fan Ryan Koolwijk yn de 35e minút soarge foar in 2-0 foarsprong fan Dordrecht. ONS ferlear ek oanfierder Chris de Wagt mei in knibbelblessuere. Nei it skoft gongen de Snitsers op jacht nei de oanslutingstreffer, mar de goal foel oan de oare kant. Everon Pisas skeat nei in moaie oanfal de 3-0 einstân prachtich yn de krusing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)