ONS ferliest fan debutant RVVH

12 sep 2015 - 17:03

Soer ferlies foar de fuotballers fan ONS, dy't sneon op eigen fjild mei 1-0 ferlearen fan RVVH, debutant yn de topklasse. Op it Sudersportpark kamen de Snitsers nei 27 minuten spyljen op efterstân. De ploech fan trainer Richard Karrenbelt slagge der net yn wat werom te dwaan. ONS liet it benammen oanfallend ôfwitte.

Ek yn de twadde helte wisten de Snitsers de lykmakker net te forsearjen. De gasten út Ridderkerk namen sadwaande trije swierbefochten punten mei nei hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)