ONS ferliest earste duel mei 3-1 by HHC

22 aug 2015 - 16:45
  •  Frits Dantuma (ONS) yn duel mei Ashwin Manuhutu (HHC)

Yn de earste wedstriid fan de topklasse fan dit seizoen ferlear ONS Boso Snits mei 3-1 fan HHC. De Snitsers setten al nei 8 minuten de 0-1 op it skoareboerd yn Hardenberg troch in goal fan Renco van Eeken. ONS wie yn de earste helte ek de bettere ploech. Mar yn de twadde helte kaam HHC werom en sa waard it yn de 61e minút 1-1.

De wedstriid kantele hjirnei. HHC begûn te fuotbaljen en ONS kaam yn de problemen. Dennis Krohne makke de 2-1 en yn de 88 ste minút. Philip Ties besliste de wedstriid foar HHC troch de 3-1 te skoaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)