ONS ferliest, Dr. Boys lyk

19 feb 2011 - 16:49

ONS Snits hat sneon thús mei 2-0 ferlern fan koprinner WHC. De ploech fan trainer Jan Vlap stie nei 12 minuten al mei 2-0 efter. Yn de twadde helte wiene der wol kânsen op in doelpunt. Sa koe Rudy Mann út in korner krekt net koppend gefaarlik wurde en skeat Arnold Herder njonken.

Troch in lette lykmakker yn 93e minút fan Martijn Groenewold spile Drachtster Boys yn deselde haadklasse mei 1-1 lyk tsjin it Drintske HZVV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)