ONS en Harkemase Boys winne

23 sep 2006 - 17:44

Harkemase Boys en ONS Snits hawwe beide in 2-1 oerwinning pakt. Harkemase Boys die dat thús tsjin Oranje Nassau Grins. Erdem Yeni makke de 1-0. Oranje Nassau makke de lykmakker, mar noch foar rêst makke Tony Alberda 2-1.

ONS Snits wûn yn Zwolle fan Be Quick '28. Nei in 1-0 efterstân miste Ton Haarman noch in penalty. Dêrnei makke Sandor van der Heide de beslissende lêste twa goals.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)