ONS Boso Snits wint thús fan Capelle

12 mrt 2016 - 16:57

ONS Boso Snits pakte sneon wichtige punten troch mei 2-0 te winnen fan Capelle. Op eigen fjild moast it publyk lang wachtsje op de Snitser doelpunten. Beide ploegen slaggen der foar rêst net yn om te skoaren. Yn de twadde helte wie der mear aksje by de ploech fan trainer Richard Karrenbelt. De peal stie de iepeningstreffer fan Yumé Ramos fuort nei rêst yn it paad. Yn de 64e minút wie it wol raak en sette Ramos de Snitsers op 1-0. Twa minuten letter sette Curty Gonzales de einstân op it boerd.

Troch de winst komme de Snitsers op 24 punten út 23 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)