ONS Boso Snits wint thús fan Barendrecht

28 feb 2015 - 16:54
  • Ale de Boer (oranje) yn duel
  • De 3-1 fan Curty Gonzales wurdt fierd

ONS Boso Snits pakte sneon in 3-1 oerwinning op de nûmer twa Barendrecht. Op eigen fjild hienen de Snitsers in dreamstart. Al yn de twadde minút soarge Renco van Eeken foar de iepeningstreffer. Trije minuten letter skeat Ale de Boer de 2-0 binnen. Barendrecht makke rap dêrnei de oanslutingstreffer.

Yn de twadde helte makke Curty Gonzales de 3-1 nei geweldich mistaasten fan in Barendrecht ferdigener. Krekt foar de ein wie Ale de Boer ticht by syn twadde treffer, mar dit kear einige syn skot op de peal. Foar ONS is it de tredde winst op rige.

De ploech fan trainer Bert Hollander komt troch de winst op 27 punten út 22 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)