ONS Boso Snits wint mei 1-0 fan Scheveningen

30 jan 2016 - 17:24

ONS Boso Snits pakte sneon op eigen fjild de fiifde seizoensoerwinning troch mei 1-0 te winnen fan Scheveningen. Yn in meagere earste helte krige Yumé Ramos twa grutte kânsen, mar hy fersomme te skoaren. Nei rêst moast it Snitser publyk lang wachtsje op de iepeningstreffer. Yn de 78e minút wie it dan einliks raak en krige Ale de Boer it publyk op 'e banken mei it winnende doelpunt.

Troch de winst komt de ploech fan trainer Richard Karrenbelt op 18 punten út 19 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)