ONS Boso Snits stunt tsjin Barendrecht

14 nov 2015 - 17:04

Topklasser ONS Boso Snits soarge sneon foar in stunt troch mei 2-0 te winnen fan de nûmer trije Barendrecht. Op it Sudersportpark begûnen de Snitsers dominant. It resultearre lykwols noch net yn doelpunten. Yn de twadde helte wie it wol raak en tekene Yumé Ramos foar de Snitser iepeningstreffer. Mei in geweldige aksje soarge Curty Gonzales foar de 2-0. Yn in spannend slot hold de ploech fan trainer Richard Karrenbelt de gasten út Barendrecht knap op de nul.

It is de fjirde oerwinning foar de Snitsers, dy't no 15 punten út 12 wedstriden hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)