ONS Boso Snits lûkt Alcideskeeper Van Wegen oan

26 jan 2016 - 22:34
  • Bas van Wegen

ONS Boso Snits hat mei Bas van Wegen in nije keeper fûn foar it kommende seizoen. De 31-jierrige Van Wegen komt oer fan sneinshaadklasser Alcides út Meppel. Dêr stie hy sûnt 2010 ûnder kontrakt. Earder spile hy as prof ûnder oare foar HFC Haarlem, NAC Breda en FC Emmen.

Van Wegen giet nei Snits omdat hy nei eigen sizzen ta is oan in nije útdaging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)