ONS Boso Snits krijt temin tsjin FC Utrecht

22 sep 2015 - 23:41
  • Bekersfear
  • Martijn Roosenburg
  • Eelke Kooistra

Topklasser ONS Boso Snits baalde stevich fan it 2-0 ferlies tsjin de profs fan FC Utrecht yn de striid om de KNVB-beker. ONS krige nei rom twa minuten in flinke domper troch de goal fan Nacer Barazite. Dêrnei spile de ploech poerbêst. Twa kear Yumé Ramos en Renco van Eken hiene de lykmakker meitsje kinnen.

Yn it begjin fan de twadde helte wist ONS-keeper Eelke Kooistra in twadde treffer foar te kommen en krige thúsploech ONS wer de macht yn de wedstriid. Yn de ekstra tiid makke Rubio Rubin de 0-2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)