ONS Boso Snits: Ien prosint kâns is ek in kâns

22 sep 2015 - 11:25
  • ONS Boso Snits

ONS Boso Snits nimt it tiisdeitejûn yn de striid om de KNVB-beker op tsjin de betelle profs fan FC Utrecht. Dat liket in ûnmooglike opjefte, mar yn it ferline hawwe de Snitsers wol faker foar in ferrassing soarge. Yn 2012 waard Excelsior nei strafskoppen ferslein en lânskampioen Ajax hie it in moanne letter dreech genôch om ONS te ferslaan. Trainer Richard Karrenbelt seit is sa: "1% kans is ook een kans." Yn de earste omloop wûn topklasser ONS yn twa kear fan sneinshaadklasser Vlissingen.

Op 26 augustus waard de wedstriid staakt troch in wolkbreuk, begjin septimber waard Vlissingen nei ferlinging definityf ferslein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)