ONS Boso Snits giet hurd ûnderút

17 okt 2015 - 17:22
  • ONS Snits

ONS Boso Snits gong sneon mei mar leafst 8-1 ûnderút tsjin koprinner Spakenburg. Yn Spakenburg kaam de ploech fan trainer Richard Karrenbelt yn de 25e minút op efterstân. Nei in goed healoere spyljen makke Spakenburg der mei twa rappe treffers 3-0 fan.

Fuort nei rêst makke de thúsploech der 4-0 en wie de kriich by de Snitsers hielendal fuort. By 5-0 mocht Yumé Ramos noch wol wat weromdwaan, mar fierder as ien doelpunt kaam ONS net. Spakenburg tekene mei noch trije treffers foar de einstân.

It is it fyfde ferlies foar de Snitsers. Troch it ferlies bliuwt ONS stykjen op 8 punten út 9 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)