ONS Boso Snits ferliest mei 3-0 fan Scheveningen

06 des 2014 - 17:00

ONS Boso Snits gong sneon mei 3-0 ûnderút tsjin Scheveningen. Op eigen fjild kamen de Snitsers nei 18 minuten op efterstân. Martijn Roosenburg wie oant twa kear ta ticht by de lykmakker, mar fersomme te skoaren.

Nei rêst besocht trainer Bert Hollander mei de nedige wiksels foar nije kriich te soargjen by ONS. Knappe rêdings fan keeper Ivan Landlust holden de Snitsers lang yn de striid. Fiif minuten foar de ein smiet Scheveningen de wedstriid definityf yn it slot mei de 2-0. Yn de slotfaze sette Scheveningen de einstân op it boerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)