ONS Boso Snits en Vlissingen reine derút

26 aug 2015 - 23:22
  • It fjild fan ONS
  • Skiedsrjochter Bronsvoort sjocht op de buieradar
  • Wolkbreuk

ONS Boso Snits en Vlissingen spilen krapoan in oere yn de earste ronde fan de lanlike KNVB beker op it Sudersportpark fan Snits. Doe soarge in wolkbreuk mei tonger derfoar dat der net fierder fuotballe wurde koe. It reglemintêre healoere útstel mocht fan beide ploegen wol oprutsen wurde, mar it reinde troch. It keunstgers stie splis en op guon plakken bolle it fjild op. Vlissingen stapte letter mei in 2-1 foarsprong yn de bus foar de weromreis. ONS kaam wol op foarsprong troch Yume Ramos, mar joech dêrnei de goals wol hiel maklik wei.

Fuotbalbûn KNVB moat no in nije datum fêststelle foar de lêste 31 minuten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)