ONS Boso mei 5-0 ûnderút yn Scheveningen

11 apr 2015 - 16:21
  • ONS Snits

ONS Boso Snits gie sneon mei 5-0 ûnderút yn en tsjin Scheveningen. De Snitsers kamen troch eigen skuld al yn de earste minút op efterstân. Yn it begjin fan de twadde helte wie ONS in stik gefaarliker, mar de goal wie nei in rappe útfal foar de thúsploech. Yn de 57e minút wie it op 'e nij raak foar Scheveningen en wie it ferset fan ONS brutsen. Yn de slotfaze tekene de thúsploech mei nochris twa goals foar de romme einoerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)