ONS Boso ferliest mei 3-1 fan Spakenburg

22 nov 2014 - 16:53
  • Curty Gonzales
  • Martijn Roosenburg

ONS Boso ferlear sneon mei 3-1 fan Spakenburg. Op it Sudersportpark begûn ONS sterk mei kânsen foar Curty Gonzales en Martijn Roosenburg. Ek Spakenburg wie gefaarlik. Troch goed ferdigenjend wurk oan beide kanten moast it publyk lang wachtsje op de iepeningstreffer.

Yn de 68e minút iepene Roosenburg de skoare. Lang koe de ploech der net fan genietsje want al rap stie de 1-1 op it boerd. Nei in dubieuze strafskop kaam Spakenburg op 2-1. In eigen doelpunt fan Klaas de Vries yn ekstra tiid makke it ferlies noch soerder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)