ONS beslút seizoen mei ferlies

11 maaie 2013 - 16:50
  • O.N.S. BOSO Snits

Kampioen ONS Boso Snits hat it seizoen yn de haadklasse sneon ôfsletten mei in 3-1 ferlies by WHC. Yn Wezep kamen de Snitsers nei 18 minuten spyljen op efterstân. De ploech fan trainer Jan Vlap wist pas wat werom te dwaan yn de twadde helte.

Nei rêst sette Danny Kampstra de Snitsers op likense hichte en lei de wedstriid wer iepen. Mei twa rappe treffers yn de einfaze smiet WHC de wedstriid lykwols yn it slot.

ONS Boso Snits pakte ferline wike it kampioenskip yn de haadklasse en spilet takom seizoen yn de topklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)