ONS begjint mei soer lykspul

23 aug 2014 - 16:57
  • Martijn Roosenburg

Topklasser ONS Boso Snits is de kompetysje sneon begûn mei in 3-3 lykspul tsjin Sparta Nijkerk. Yn Nijkerk sette Martijn Roosenburg de Snitsers nei 23 minuten op 1-0. Fiif minuten letter makke âld-Cambuurspiler Dave Huymans de lykmakker. Krekt foar rêst kaam de thúsploech op 2-1, wêrnei't Age Wim van der Zee de 2-2 makke.

Nei rêst wie it opnij Van der Zee, dy't it fizier op skerp hie en ONS op 3-2 sette. Nei in reade kaart foar Gustavo van der Veen moast ONS mei tsien man fierder. Djip yn blessueretiid foel de soere Nijkerker lykmakker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)