Onlü tsjin útspraken V.d. Ven

25 nov 2004 - 10:42

Moslimleararen dy't oaren dea winskje, moatte út har amt set wurde. Dat fynt imam Mustafa Onlü fan Ljouwert. De imam reagearret hjirmei op de útspraken fan moslimlearaar Abdul-Jabbar van de Ven dy't de politikus Geert Wilders dea winsket.

De moslimlearaar soe it net slim fine as Wilders binnen twa jier oan kanker stjert, sa sei er tiisdei op de televyzje. Nei de útspraak is der in soad kommoasje ûntstien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)