Online boeken bestelle yn Boerum

19 okt 2001 - 00:00

De bibliobus fan Boerum wurdt ferfongen troch ynternet. De rie fan Kollumerlân hat tongersdeitejûn 10.000 gûne beskikber steld foar in proef fan twa jier fan de Centrale Bibliotheek Dienst Fryslân.

Fia de ynternetkompjûter yn it doarpshûs kin de bestelling dien wurde. Op datselde plak kinne de boeken in pear dagen letter ophelle wurde. Europa en de provinsje betelje ek mei oan de proef.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)