Online aginda lûkt kuierders

22 okt 2012 - 14:30

Mear minsken dogge mei oan kuier- en fytstochten yn Fryslân en dat komt troch de website fan Friesland Beweegt. Dat lûd heart Friesland Beweegt fan de organisaasjes fan dy tochten. It ôfrûne simmerseizoen binne de aktiviteiten yn de online aginda fan Friesland Beweegt 150.000 kear opfrege.

De site ûntstie nei in fraach fan de Wandelbond. Dy fûn dat ynformaasje oer aktiviteiten te bot fersnippere wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)