Onkologysk sintrum fan MCL Ljouwert wreidet út

21 jan 2016 - 15:21

Der komme hast de helte mear plakken by op de deibehanneling fan de ôfdieling onkology yn sikehûs MCL yn Ljouwert. Dat komt no op 24. Pasjinten kinne der tenei ek langer terjochte, fan acht oere moarns oant acht oere jûns.

It giet dan bygelyks om minsken dy't gemoterapy ha moatte. Yn it onkologysk sintrum fan it MCL wurde alle jierren mear minsken behannele. Ferline jier gie it tal nije pasjinten mei in kwart omheech yn fergeliking mei it jier dêrfoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)