Oneg siket ûnderdûkadressen

08 okt 2012 - 15:22

Muzykensemble Oneg út Amsterdam siket ûnderdûkplakken yn Súd-Fryslân. Takom jier hâldt it ensemble in konsertrige mei as titel Verloren Verhalen. De bedoeling is dat de konserten hâlden wurde op plakken dêr't yn de Twadde Wrâldoarloch Joaden ûnderdûkt sitten hawwe.

Yn it hiele lân slagget it om gaadlike adressen te finen, lykwols net yn Súd-Fryslân. De organisaasje siket al fan begjin dit jier ôf, noch hieltyd om 'e nocht. Friezen dy't in goed ûnderplak witte yn Súd-Fryslân, kinne kontakt opnimme fia www.onegensemble.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)