One Stop Poli yn Drachten

28 jun 2010 - 21:33
  • Foto: Nij Smellinghe

Hertpasjinten dy't swierrichheden hawwe mei it rinnen kinne sûnt koart by Nij Smellinghe yn Drachten yn ien dei ûndersocht wurde. Dat kin op de saneamde One Stop Poli. Op dizze wize hoege minsken net trije of fjouwer kear werom te kommen foar lytse ûndersiken.

Sikehuzen stappe hieltyd faker oer op de nije opnamefariant. Benammen de fergrizing soarget derfoar dat minsken it hieltyd dreger fine om meardere kearen nei in sikehûs te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)