Onclin fuort by SC Franeker

07 nov 2008 - 19:51

SC Franeker nimt oan de ein fan it seizoen ôfskie fan André Onclin, de trainer fan it earste alvetal. It bestjoer fan de club hat besletten it kontrakt mei him net te ferlingen. Dat is ûnder oare dien nei oerlis mei de spilers,

Onclin is sûnt oktober 2006 trainer. Hy folge Niels Overweg op, dy waard troch it bestjoer fuortstjoerd fanwege it mishanneljen fan in spiler fan de tsjinstanner. Dêr waard er letter fan frijsprutsen troch de KNVB.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)