Omwenners tsjin golfbaan

30 nov 2007 - 06:36

Tsjinstanners fan in nije golfbaan by Grou ha gjin betrouwen yn de plannen fan de projektûntwikkelder. Dat die tongersdeitejûn bliken by in ynformaasjejûn foar omwenners.

By Goattum moat in rekreaasjepark komme, mei in 18-holes golfbaan, 50 rekreaasjewenten en in hotel. De Grousters sels sitte lykwols hielendal net te wachtsjen op sa'n park. De ynfestearders wolle yn 2009 mei de bou begjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)