Omwenners lulk oer plannen om units Wyldemerk te behâlden

06 maaie 2015 - 22:57

Omwenners fan De Wyldemerk by Aldemardum binne lilk op de gemeente De Fryske Marren. Dy stelt foar om de units dy 't op it eardere campusterrein stean te legalisearjen, omdat der nije plannen binne mei De Wyldemerk. De omwenners, dy't har feriene ha yn de aksjegroep 'Campus Nee', kinne har dêr net yn fine. Sy stride al langere tiid foar it fuortheljen fan de gebouwen en krigen dêr earder ek stipe by fan de Ried fan Steat. Foarsitter Andries Folmer fan de aksjegroep ferwyt de gemeente no in ûnbetroubere partner te wêzen.

Ferantwurdlik wethâlder Frans Veltman fan de gemeente De Fryske Marren seit yn in reaksje de miening fan de riedsleden oer it plan ôfwachtsje te wollen. Hy erkent dat de gebouwen der op dit stuit yllegaal stean, mar seit dat it troch it fallisemint fan de eksploitant fan De Wyldemerk dreech wie om se fuort te krijen. Der leit no in oanfraach foar in nije bestimming fan it terrein, dêr't de gebouwen yn brûkt wurde. Hy wol graach fan de riedsleden hearre oft dy dêr akkoart mei gean kinne. Veltman seit wol dat er bliid is dat der einlik inisjativen lizze foar it terrein.

Nije wike woansdei fergaderet de gemeente De Fryske Marren oer de takomst fan De Wyldemerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)