Omwenners Landlust Balk roppe op ta protest AZC

30 mrt 2015 - 21:44
  • De lokaasje fan it AZC yn Balk

Omwenners fan Landlust yn Balk roppe yn in brief alle ynwenners fan Balk op om tiisdeitejûn allegearre nei de ynformaasjegearkomste te kommen en te protestearjen tsjin de plannen foar it asylsikerssintrum (azc) op Landlust. Dêr moatten 500 asylsikers opfongen wurde foar in perioade fan fiif jier.

De omwenners binne bot tsjin op in azc op de lokaasje om't it harren útsjoch bedjert. Neffens de briefskriuwers binne der goede alternativen foar de lokaasje, mar wol de gemeente De Fryske Marren net lústerje. Dêrom dogge se no de oprop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)