Omwenners fan drokke Aengwirderwei ûngerêst oer feilichheid

10 mrt 2016 - 12:28
  • Resultaat fan de mjitting is dat 70% te hurd rydt

Der ynwenners fan Tsjalbert, Lúnbert, Gersleat en Terbant meitsje harren grutte soargen oer de ferkearsfeiligens op de Aengwirderwei. Op de trochgeande dyk troch de doarpen rydt mar leafst 70% fan it ferkear te hurd. Dat docht bliken út in mjitting fan Veilig Verkeer Nederland. Opmerklik is dat it benammen de eigen bewenners binne dy't te hurd ride.

Yn oparbeidzjen mei Veilig Verkeer sille de doarpen de kommende tiid mei ferskate aksjes omtinken freegje foar in bettere ferkearsfeilichheid.

Dat moat de brûkers fan de dyk bewuster meitsje fan de risiko's fan harren ferkearsgedrach. Foar dizze aksjes hawwe de doarpen alle fjouwer it buertlabel foar feilich ferkear krigen fan Veilig Verkeer Nederland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)