Omwenners Cambuurstadion bliid

06 aug 2009 - 16:08
  • Omwenners binne bliid mei maatregels

Omwenners fan it Cambuurstadion binne bliid mei de maatregels dy't nommen wurde om rellen yn de buert foar te kommen. De gemeente, Cambuur, justysje en plysje ha mei elkoar om tafel sitten om oplossings te betinken foar de supportersrellen.

Yn it stadion wurdt minder drank skonken, supporters wurde fûlleard en strjitten om it stadion hinne kinne ôfsluten wurde. Kafees wurde wiisd op har ferantwurdlikheid by it skinken fan alkohol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)