Omwenjenden tsjin komst maneezje

23 jan 2004 - 00:00

Omwenjenden oan de Foarwei yn Kollumersweach binne benaud foar oerlêst troch de komst fan in maneezje yn har strjitte. De gemeenteried fan Kollumerlân stimde juster yn mei in frijstellingsproseduere, dy't festiging fan de maneezje mooglik makket.

By de maneezje komme ûnder oare in bedriuwswenning, in kantine en parkearplakken. De omwenners binne benaud foar oerlêst fan besikers en fan parkearde frachtweinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)